Jier finzenisstraf easke foar mishanneling eks-freondinne

24 maaie 2018 - 17:13

Tsjin in 27-jierrige man út Dokkum is in jier finzenisstraf easke, omdat er ein ferline jier syn eks-freondinne mishannele hat. Sy hie sein dat se by him wei gie en doe wie de fertochte troch it lint gien: hy hat har slein en skopt, foaral tsjin de holle. De man hie earder al ris in wurkstraf krigen omdat er syn freondinne mishannele hie.

De fertochte is neffens in psycholooch fermindere tarekkenber. Hy sit noch altiten fêst. Njonken de selstraf easket justysje ek dat de man in psychiatryske behanneling krijt en dat er in kontaktferbod krijt.

Trefwurden: 
mishanneling Dokkum
(advertinsje)
(advertinsje)