Rosheuvel en Houtkoop fuort by Cambuur, Calor nije oanwinst

24 maaie 2018 - 16:14

Darren Rosheuvel en Xander Houtkoop hawwe tongersdei te hearren krigen dat se ôfskied nimme moatte by SC Cambuur. Earder al krige Martijn Barto dat berjocht. Ek Rosheuvel en Houtkoop hawwe in ôfrinnend kontrakt dat net ferlinge wurdt. Neffens technysk manager Foeke Booy hat Cambuur net de finansjele middelen om Houtkoop in nij kontrakt te jaan, dy't by syn rol past.

"Minst leuke week van het jaar"

Troch de mindere prestaasjes op it fjild moat Cambuur op finansjeel mêd ynleverje. Booy: "Dit was een vervelende week. De club is behoorlijk geraakt. Op de ranking van televisiegelden zijn we voorbij geschoten." Dat hat fierder ek konsekwinsjes, sa seit Booy. "Niet alleen op het gebied van spelers, ook bij het personeel. Dit is de minst leuke week in een heel jaar."

Nije spilers

Furdjel Narsingh hat fan Cambuur wol in oanbieding krigen om langer by de klup te bliuwen. Booy hopet op koarte termyn fan him te fernimmen oft de oanfaller dêr op yn giet.

Der komme wol twa nije spilers by, sa lit Booy witte. Julian Calor makket de oerstap fan Vitesse nei Cambuur. De 21-jierrige middenfjilder tekenet in kontrakt yn it Cambuur Stadion foar ien jier, mei in opsje op noch in seizoen. "Ik ben een technisch vaardige middenvelder, met veel diepgang en scorend vermogen", sa omskriuwt Calor himsels. Ferline jier spile hy by de beloften fan Vitesse. It seizoen derfoar debutearre hy by it earste en trainde er geregeld mei de earste seleksje mei. 

En Cambuur sil nei alle gedachten freed noch in nije spiler presintearje. Dat giet om in Nederlânske ferdigener. Mei him moatte allinne noch in oantal saken regele wurde.

 

(advertinsje)
(advertinsje)