Jier sel easke tsjin Snitser dy't sparpot bern leechrôve

© ANP
Tsjin in man út Snits is in jier sel easke foar in grut tal ynbraken yn Fryslân en Grinslân. De man wie ûnder oare belutsen by in ynbraak yn in kringloopwinkel yn Bûtenpost, dêr't in soad elektrysk ark stellen waard. Ut in hûs yn Gryptsjerk hie er jild út de sparpot fan de bern stellen en dêrnei wie er útnaaid mei de auto fan de minsken dy't der wennen.
De man sei tsjin de rjochter dat er it net foar it jild die, mar foar de spanning. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.