Lang net alle anty-pestprogramma's wurkje

In anty-pestprogramma op skoalle dêr't de hiele klasse by belutsen wurdt, is it meast effektyf. Dat docht bliken út wittenskiplik ûndersyk wêryn't de tsien meast brûkte programma's besjoen binne.
Seis fan de tsien binne kwealik effektyf om't se tefolle rjochte binne op de pester en it slachtoffer. Programma's dy't yn de oplossing in taak sjogge foar de hiele groep, wurkje wol. Dat komt om't it pestgedrach dêryn erkend wurdt as it probleem fan de groep en it slachtoffer minder allinnich stiet.
Cedin út Drachten, in organisaasje dy't yn Fryslân in soad skoallen advisearret en traint, brûkt yn de striid tsjin it pesten it saneamde KiVa-programma. Dat skoart yn it ûndersyk as 'effektyf', om't it yndied útgiet fan in groepsoanpak en ek previntyf ynset wurde kin.