Barto oer ôfskied by Cambuur: "Doet wel pijn"

24 maaie 2018 - 14:43
  • Barto oer ôfskied by Cambuur: "Doet wel pijn"
  • Martijn Barto
  • Technysk manager Foeke Booy oer Barto
  • Martijn Barto
  • Technysk manager Foeke Booy oer it ôfskied fan Barto

Martijn Barto seach it ôfskied by SC Cambuur net oankommen. Tongersdei makke de klup bekend dat syn ôfrinnende kontrakt net ferlinge wurdt. "Ze hadden in eerste instantie aangegeven dat ze met me door wilden. Dus het was wel een verrassing", fertelt Barto, dy't sân seizoenen spile yn it giel-blau. "Het doet wel pijn. Maar er gaan nu andere mooie deuren open. Daar kijk ik ook weer naar uit."

"Fantastische periode"

Barto sjocht werom op in moaie tiid yn it Cambuurshirt: "Ik heb een fantastische periode gehad. Ik ben trots dat ik zeven jaar deel mocht uitmaken van deze fantastische club. We hebben de beste periode beleefd in de clubgeschiedenis en ik was daar onderdeel van."

Unwisse takomst

De 33-jierrige oanfaller wit noch net hoe't syn takomst derút sjocht. Wol is wis dat er fuotbaljen bliuwe wol. Oer in gebrek oan belangstelling hoecht Barto him gjin soargen te meitsjen: "De telefoon staat roodgloeiend. Maar ik ga eerst op vakantie." Harkemase Boys soe Barto ek graach oanlûke wolle. Barto spile dêr earder fjouwer seizoenen. "Dat is ook iets dat voorbij is gekomen. Daar ben ik blij mee en trots op. Ik ga alles rustig bekijken."

Finansjeel net helber

Technysk manager fan Cambuur Foeke Booy fynt de beslissing om Barto gean te litten ferfelend. "Het is met ons budget niet meer mogelijk om Barto te behouden. We krijgen dat financieel niet voor elkaar. Dit is vervelend. Ik had het liever anders gehad, maar helaas." De klup hat Barto wol in oanbieding op maatskip mêd oanbean. Barto hat noch net in beslút naam oer syn takomst.

(advertinsje)