Provinsjaal platfoarm GGZ

03 nov 2011 - 11:03

Der wurdt wurke oan de oprjochting fan in provinsjaal platfoarm fan kliïnterieden yn de GGZ. It inisjatyf komt fan de kliínteried fan Zorgmaatwerk yn Winsum. Neffens dy ried is yn gemeenten fierste min omtinken foar de soarch foar minsken mei in psychyske beheining en is der ek te min kennis.

Soarchlik, neffens de kliïnteried, omdat dy gemeenten dalik ferantwurdlik binne troch de ferskowing fan taken fanút de AWBZ nei de Wmo.

(advertinsje)
(advertinsje)