Skoalbern spylje libjend stratego en fine echte granaat

24 maaie 2018 - 14:22

Foar skoalbern fan CBS De Gearing yn Ie is it spultsje libjend stratego wol hiel echt wurden. De bern út groep 7 en 8 binne op skoalkamp yn Westerbork, dêr't se alle jierren yn it bosk it spultsje spylje. Sa ek woansdeitejûn, mar al gau kaam ien fan de jonkjes by de master mei de meidieling dat er in bom fûn hie.

Direkteur Onno Bouma fan De Gearing: "De master tocht noch efkes dat it om in sabeare bom út it spultsje gie, mar al gau die bliken dat de learling in echte granaat bedoelde. Gelokkich hat hy him lizze litten. De lieding hat de bern meinaam nei de kampearbuorkerij en dêr ha se de plysje ynseind. Dy hat dêrnei de Explosieven Opruimingsdienst ynskeakele." De skoalle hat tongersdeitemoarn daliks de âlden ynljochte.

Neffens Bouma is de resjerzje jûns let noch by de bern west, om út te lizzen wat der no fierder barre sil. Bouma: "Wy binne fansels tige bliid dat de learling en de lieding sa goed hannele ha en dat it goed ôfrûn is. Wy fine it moai dat de plysje de muoite naam hat, om noch efkes by de bern del te kommen. It hiele aventoer hat in ûnferwachte draai oan it kamp jûn. Ien dy't de bern yn alle gefallen altiten bybliuwe sil."

(advertinsje)
(advertinsje)