Frjentsjerter feroardiele om 'nazi-trein' filmke

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
In Frjentsjerter fan 57 jier hat in boete fan 500 euro oplein krigen fanwegen it misledigjen fan Arriva en ien fan syn masinisten. De Frjentsjerter makke yn 2016 bylden fan in trein en fan de masinist. Dy wie dêr net bliid mei en griep yn. As reaksje dêrop sette de Frjentsjerter in filmke online dêr't in Arriva-trein feroaret yn in trein dy't nei Auschwitz rydt.
De offisier fan justysje fynt dat laster, de plysjerjochter gie dêr yn mei en feroardiele de Frjentsjerter ta de boete. Dy hoecht er allinne te beteljen as er wer yn 'e fout giet. De man komt fierder ûnder tafersjoch fan de reklassearring en moat him behannelje litte.