Doeksen wol lang parkearjen yn Harns fersoargje

24 maaie 2018 - 13:27

Rederij Doeksen mingt him yn it konflikt oer it lang parkearjen yn Harns. Ien fan de eksploitanten dy't op dit stuit it lang parkearjen foar besikers fan Flylân en Skylge fersoarget, hat dêr in skeel oer mei de gemeente. Dy wol it parkearjen iepenbier oanbesteegje, mar de eksploitant besiket dat fia de rjochter foar te kommen.

Doeksen hat de rjochtbank no witte litten it parkearjen graach fersoargje te wollen. De rederij wol dêrfoar meidwaan oan de iepenbiere oanbesteging. Neffens Doeksen tinke minsken no al faak dat de rederij ferantwurdlik is foar it lang parkearjen en is it parkearjen mei bepalend foar hoe't minsken har reis nei de eilannen belibje.

(advertinsje)
(advertinsje)