Bedriuw yn Drachten ûntromme nei brân

24 maaie 2018 - 12:08

By it bedriuw Neopost Technologies yn Drachten is tongersdeitemoarn in brân útbrutsen. Troch de brân moast de wurkpleats ûntromme wurde. De brânwacht is mei meardere ienheden oanwêzich om it fjoer te bestriden. It personiel is troch de bedriuwshelpferliening nei in feilich plak brocht. It is noch net bekend wat de oarsaak fan de brân is.

Trefwurden: 
brân Drachten
(advertinsje)
(advertinsje)