Wurkjouwers iepenbier ferfier ferbjustere oer easken FNV

Trein fan Arriva © Omrop Fryslân, Geale Groen
De wurkjouwers yn it iepenbier ferfier binne ferbjustere oer de hâlding fan de FNV yn it cao-konflikt, sa meldt de NOS. Nei de ûnderhannelingen lei der in leanbod fan 8,3 persint foar trije jier. De leden hawwe dat ôfwiisd. It fakbûn wol no boppe-op it leanbod in ekstra trochbetelle skoft fan fiif minuten foar elke 2,5 oere.
De FNV wol ek noch in ekstra leansferheging. Neffens de wurkjouwers is dat net helber en ek net te beteljen. Se wolle op 'e nij mei de fakbûnen om tafel. De Vereniging Werkgevers Openbaar Vervoer fertsjintwurdiget ûnder oare Arriva, Qbuzz en Connexxion. Ekstra skoft soe de OV-bedriuwen alle jierren 4 oant 5 persint ekstra kostje. Dêr soe de ekstra leansferheging dan noch by komme.
De fakbûnen stake sneon op 'e nij yn in tal regio's. Yn Fryslân wurdt net staakt.