Organisaasjes liede needklok oer hege lêsten hiersektor

Fryske wenningkorporaasjes, ferieningen dy't opkomme foar de belangen fan hierders en de Feriening fan Fryske Gemeenten liede mei-inoar de needklok. Wenningkorporaasjes moatte fan it kabinet mear heffingen en belesting betelje. De organisaasjes freegje it kabinet no om dat ekstra jild te brûken foar bygelyks de bou fan betelbere en duorsume hierhuzen. De partijen stelle dat út yn in brief dy't se oan it kabinet en de fraksjefoarsitters yn de Twadde Keamer stjoere.
It kabinet ferheget de lêsten foar de wenningkorporaasjes al in oantal jierren op rige. Bransj-organisaasje Aedes berekkene earder al, dat oant 2021 de korporaasjes yn Nederlân ien miljard euro yn it jier mear betelje as no. Dat betsjut neffens Aedes dat fan elk hierhûs yn Nederlân trije moanne hierynkomsten rjochtstreeks nei Den Haag geane. Dat jild kin net brûkt wurde om huzen te ferbetterjen en dat is eintsjebeslút yn it neidiel fan hierders en minsken dy't in hierhûs sykje, seit Aedes.