Klupikoan Martijn Barto fuort by SC Cambuur

24 maaie 2018 - 11:00
  • Klupikoan Martijn Barto fuort by SC Cambuur
  • Hoe sjocht de takomst fan klupikoan Martijn Barto derút?

Der komt nei sân jier in ein oan de perioade fan Martijn Barto by SC Cambuur. De 33-jierrige spits hat in ôfrinnend kontrakt, dat net ferlinge wurdt. Mooglik dat Barto yn in oare rol weromkomt by de klup.

Yn de simmer fan 2011 makke Barto de oerstap fan Harkemase Boys nei Cambuur. Dêrmei waard hy yn 2013 kampioen fan de Jupiler League, wêrnei't trije earedifyzjejierren folgen. Ek spile hy in grutte rol by de bekersuksessen fan de Ljouwerters. Sa soarge de oanfaller der mei twa goals persoanlik foar dat Ajax yn 2016 útskeakele waard (2-1).

"Geen gemakkelijk besluit", sa omskriuwt technysk manager Foeke Booy de beslissing fan de klup. "Martijn is een echte clubman en ondertussen haast een icoon van SC Cambuur. Bovendien is het ook nog eens een zeer prettig mens en is hij wat arbeidsethos betreft een voorbeeld voor velen. Uiteraard zal er nog een passend afscheid volgen op de middenstip."

Op de topskoarerslist fan Cambuur stiet Barto op it fiifde plak met 64 doelpunten. Boppe-oan stiet Jan Bruin mei 88 goals.

Harkemase Boys

Tieme Klompe, fan kommend seizoen ôf de nije trainer fan Harkemase Boys, wol Barto graach nei De Harkema helje. Barto sels moat noch in beslút nimme oer syn takomst.

(advertinsje)