Rutger Veenstra wint mei 'Nei de dûns' nije kompetysje NFF

Rutger Veenstra © Menno de Boer
Rutger Veenstra hat mei syn idee foar de film 'Nei de dûns' de wedstriid fan it Noordelijk Film Festival wûn. Hy krige woansdei 10.000 euro foar it meitsjen fan de koarte film. Dy wurdt foar it earst Frysktalich. De film giet yn novimber yn premjêre op it filmfestival. 'Nei de dûns' wurdt in koarte film oer de leafde fan de 68-jierrige Gjalt foar syn frou Anke dy't in slimme foarm fan demintens hat. Neffens de sjuery is it in sterk en spannend skript mei in oangripend ûnderwerp.
Rutger Veenstra (1977) studearre yn 2006 ôf oan de Nederlandse Film en Televisie Academie. Hy makke earder de film 'De Leerling', mei aktrise Halina Reijn.
Filmkick
De wedstriid fan it Noordelijk Film Festival hat in nije namme krigen en hjit no 'De Filmkick'. Dy namme ferwiist ûnder oare nei de adrenalinekick by it meitsjen fan in film yn koarte tiid.