Kilometerslange file troch ûngelok op A6 by Sint-Nyk

24 maaie 2018 - 07:53

Op de A6 by Sint-Nyk ha tongersdeitemoarn ferskate auto's belutsen west by in ûngelok. Neffens tsjûgen soe it om trije auto's gean. Ien fan de auto's is op de kop bedarre. By it ûngelok soene ek minsken ferwûne rekke wêze. It is net bekend om hoefolle slachtoffers it giet. Ek is de tadracht fan it ûngelok noch net dúdlik. De helptsjinsten binne oanwêzich.

Ien rydstrook rjochting De Jouwer is ôfsletten en op it stuit stiet der in file fan goed fjouwer kilometer.

Trefwurden: 
ûngelok file A6 Sint-Nyk
(advertinsje)