Mear as 100 skippen op it Waad by 72e edysje HT-sylrace

24 maaie 2018 - 09:20

Under geunstige omstannichheden is tongersdeitemoarn de 72e edysje fan de HT-sylrace úteinset yn Harns. Mear as hûndert skippen sile fan Harns nei Skylge. De HT-sylrace is yntusken in begryp yn de sylwrâld, mei dielnimmers út hiel Nederlân. Der kin diskear meifearn wurde yn sân ferskillende klassen. Gewoanwei binne dat der acht, mar dêr wiene net genôch dielnimmers foar. 

In float folchboaten sil de silers begeliede oer it Waad. Foarsitter Jouke van Keulen fan de organisaasje is bliid mei de waarsomstannichheden. "Er staat een mooie, oostelijke wind kracht 3 of 4 en af en toe 5. Later op de dag nog 6." Hy tinkt dan ek dat de silers fluch de Waadsee oerstekke kinne. "In elk geval sneller dan vorig jaar, want toen was het windstil en moesten we de eerste dag afgelasten. Ik denk dat de eersten om een uur of half twaalf binnen kunnen lopen op Terschelling."

Freed sile de skippen wer werom nei Harns en wurde de winners bekend makke.

Trefwurden: 
HT-sylrace Harns Skylge silen
(advertinsje)