Kollum: "Lonely"

24 maaie 2018 - 07:15
  • De Toan fan Botte Jellema

"Fryslân yn de Lonely Planet, op it tredde plak yn in top 10 fan Europeeske fakânsjebestimmingen. Wat om grutsk op te wêzen. Fryslân, stânplak foar de JSF! Fryslân, dêr't gjin inkelde Nederlanner fan sizze kin hokker Waadeilannen der wol en net by hearre! Fryslân, dêr't nimmen fan wit hoefolle stêden as der binne, útsein dy oardel dei yn 'e winter dat it friest. Fryslân, mei it gigantyske toerisme yn 'e simmers, wurdt no ûntdutsen foar gigantysk toerisme yn 'e simmer. Yn 'e winter moatst der net komme, want dan is der gjin hûn, waait it seis moannen lang en is alles brún of griis.

Mar no net. No is it der prachtich. Ik bin benijd, en surf nei Lonelyplanet.com/the-netherlands/friesland. Kom mar op, wat fynt de Lonely Planet it bêste dat Fryslân te bieden hat. De pagina laadt, en ik sjoch fuortendaliks twa opmerklike dingen. De grutte foto, én de namme fan ús provinsje, prominint op dizze pagina: Friesland.

De provinsje hjit Fryslân, ek yn The Netherlands. Mar hawar, net fuortendaliks seure. Fierder nei dy skitterjende foto, mei in beam op in heidefjild. It soe Appelskea wêze kinne. Op it rantsje fan Fryslân, mar noch altyd Fryslân.

Ik lûk de foto troch Google reversed photo search, en de earste hit mei deselde foto is de website weekenddesk.nl, ûnder de kop 'Kom tot rust in de prachtige natuur van Drenthe'. Ja ho ris even, Drinte, prachtich, mar it gong oer Fryslân! Mear hits mei dizze foto... Assen, Coevorden, en sels Taiwan China Landscape. Goed. Se ha dus gjin fotograaf yn Fryslân belle by The Lonely Planet. Spitich.

De Lonely Planet giet fierder: 'At first, Friesland seems typically Dutch: it's flat, it's green and there are plenty of cows (the namesake black-and-white variety).' Sjocht Fryslân der typysk 'Dutch' út? En dy swart-wite kij binne net hielendal nei Fryslân genamesaket. Se bedoele wierskynlik Fries-Hollands of Holstein-Friesian. Moai, mar dan moatte we de eare dochs diele mei de Hollanners en de Dútsers. Boppedat, dy kij dy'tst sjochst yn 'e Fryske greiden, ha foar it grutste part Amerikaansk bloed. En dêr sit ek Frysk bloed yn, mar it ferhaal is al wat yngewikkelder as 'nammegenoat'.

'But explore a bit and you'll find its differences. For one, the province has its own language, as you'll see on road signs.' Ja! De taal! Leuk dat se dat der no út pikke, ik bin benijd wat der no komt.

Top experiences, is it folgjende kopke. As earste: Ljouwert. De haadstêd fan Fryslân, al wolle Ljouwerters dat sels net altyd witte. Dy prate echt gjin Frysk. Twa: Skiermûntseach, dêr't kollega Eelke it juster al oer hie; ek dêr wurdt amper Frysk praten. Trije: Hylpen, alwer in plak dêr't se harren eigen taal prate. Fjouwer: Skylge... ja, okay.

Fiif, seis en sân binne Amelân, Harns en Snits. Allinnich fan Harns bin ik net wis, mar neffens my wurdt yn alle plakken net 'its own language' fan 'the province' sprutsen. Mar goed, we hoege de bussen ek net nei Easterbierrum of Dedzjum te stjoeren fansels. It sil se ek net útmeitsje; de fiertaal yn de toeristyske plakken dy't neamd wurde is al desennia lang Dútsk.

Dan komme de 'Top sights in Friesland'. En dêr wurd ik wer waarm fan. It Fries Museum, Princessehof, de Aldehou, Eise Eisinga, it Fries Natuurmuseum. Ik wenje no al in skoftke net mear yn Fryslân, mar yn 'e tiid dat ik der wenne, ha ik fan alle plakken allinnich mar op de Aldehou west. En dat wie foar Omrop Fryslân, dus út eigener beweging, nee. Skande fansels. Ek it wrâldferneamde Eise Eisingamuseum haw ik allinnich mar sjoen yn funksje as ferslachjouwer. Ik hie doetiids miskien sels wol sa'n Lonely Planet brûke kind.

Hoewol... de website fan Lonely Planet slút ôf mei 'Friesland activities'. Earste 'activity': Zuiderzeemuseum Enkhuizen including Round-Trip Train Ride from Amsterdam.

No sa... Mar kom op, dit wurdt in moai jier foar de toeristyske sektor yn Fryslân. No hoopje op wat moai waar. En, sa't in freon fan my fan 'e wike sei: "Ik wil nog wel een keer naar Scharnegoutum voordat de Britten het ontdekt hebben."

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(advertinsje)