Alder pear berôve yn eigen wenning yn Ljouwert

© Omrop Fryslân, Alle Faber
In man en in frou op jierren binne woansdeitemoarn berôve yn harren eigen wenning oan de Grinzerstrjitte yn Ljouwert. Om kertier foar achten hinne waard der oanbelle by it pear. Doe't de bewenner frege wa't der oan de doar stie, sei de fertochte dat er de buorman wie. De bewenner die iepen, wêrnei't de man de wenning ynkaam. Hy luts in gouden ketting fan de bewenster stikken en naaide dêrnei út mei de hinger fan de ketting.
De fertochte fytste yn de rjochting fan de Dokkumerstrjitte. Neffens de plysje giet it om in man mei in donkere hûdskleur en koart swart hier, fan om de 35 jier hinne en 1.70 à 1.75 meter lang, dy't Hollânsk prate mei in bûtenlânsk aksint. Hy ried op in damesfyts mei in wyt sealdekje. De plysje freget tsjûgen har te melden.