Bou nije sporthal wyk Nijlân begjint oer twa moanne

23 maaie 2018 - 22:44

De bou fan in nije sporthal oan de Middelzeelaan yn Ljouwert begjint oer twa moanne. De gemeenteried stimde woansdeitejûn yn mei de bouplannen. Earder al hie de gemeente sa'n 1,2 miljoen euro beskikber steld foar de nije sporthal yn de Ljouwerter wyk Nijlân. De totale kosten fan it projekt komme op sawat 7 miljoen euro út.

De nije hal komt yn it plak fan it âlde sportkompleks oan de Van Loonstrjitte en de âlde kantine en klaaikeamers fan fuotbalklup Ljouwerter Sweltsjes. It is de bedoeling dat it kompleks yn begjin takom jier klear is.

Trefwurden: 
sporthal Ljouwert Nijlân
(advertinsje)