Optreden anty-Swarte-Pyt-aktivist sûnder ynsidinten ferrûn

Jerry Afryie © Omrop Fryslân
De twa befeiligers en twa plysjemannen dy't ferplichte oanwêzich wiene by it optreden fan anty-Swarte-Pyt-aktivist Jerry Afriyie yn IepenUp Live, hoegden net yn aksje te kommen. Afriyie koe rêstich syn pleit hâlde tsjin de oerhearsking fan de wite macht en foar de ôfskaffing fan Swarte Pyt.
Neffens Afryie kin der allinnich in bettere wrâld komme as blanke en kleure minsken harren folslein ynsette om elkoar te begripen en wurdearjen. Hy krige ynstimmende reaksjes fan in oerweagjend blanke seal.
Sjoch hjir nei it hiele programma. Afryie komt pas oan de ein, nei oardel oere, oan it wurd.