Koper stellen út swimbaden

03 nov 2011 - 11:14

It liket derop dat koperdieven it no op de iepenloftswimbaden foarsjoen ha. Ut swimbad De Dobbe yn Noardwâlde binne koperen liedings út de masinekeamer stellen. Omdat it swimbad ticht is, duorre it eefkes foardat de dieverij ûntdutsen waard.

Earder al is ek koper út it swimbad fan Appelskea stellen. En in pear wike ferlyn krigen de iepenloftswimbaden fan it Drintske Ruinen en Dwingeloo al besite.

(advertinsje)
(advertinsje)