"Feangreidegebiet wurdt slachtoffere yn ferkiezingskampanje"

23 maaie 2018 - 21:01

Hoe't it feangreidegebiet slachtoffere wurdt yn de start fan in nije ferkiezingskampanje

Troch: Hayo Bootsma

Steateleden sykje om in stip op de hoarizon. In stip dy't derfoar soargje moat dat it feangreidegebiet behâlden bliuwt, Fryslân leefber bliuwt en der yn de provinsje in grut ferskaat is oan biodiversiteit.

It draait allegearre om it feangreidegebiet. In kwetsber gebiet yn de provinsje. It is foar de opposysjepartijen synonym foar de problemen yn Fryslân, as it giet om de takomst fan de lânbou en it lânskip. It giet neffens harren om de leefberens en de biodiversiteit yn de hiele provinsje. Om't dat foar Fryslân fan grut belang is, hawwe de ChristenUnie, GrienLinks, Partij voor de Dieren, D66, 50-plus en de Partij van de Arbeid de hannen ynien slein en in eigen foarstel skreaun.

Wat wolle de partijen?

Wat se wolle yn it koart: dat it feangreidegebiet yn 2030 wer wiet is, dat ynset wurdt op werstel fan de biodiversiteit en de natuer en dat der allinnich grûnbûn buorke wurdt (dat jo genôch hawwe oan jo eigen lân) op in wize wêrby't rekkening hâlden wurdt mei de natuer.

De koälysjepartijen CDA, VVD, FNP en SP kinne harren fine yn de doelstellingen, mar hawwe al betingsten. Sa moatte bewenners en partijen yn it gebiet goed belutsen wurde by it folsleine proses. Se moat meitinke oer wat der allegearre barre moat yn it gebiet. En dus kamen se mei in amendemint, in útstel ta oanpassing fan it plan fan de gearwurkjende opposysjepartijen.

Opskuor

Dat amendemint soarge foar in soad emoasjes. Opposysjepartijen fûnen it 'fijannich'. Der folge in hurd debat mei wurden lykas 'rotschop' en in fraksjefoarsitter dy't 'út syn nekke...' en doe griep foarsitter Arno Brok yn en trune oan op in bytsje fatsoen en respekt.

It fleach miskien somtiden wat út de bocht, mar it debat wie ynhâldlik sterk.

De ChristenUnie waard oertsjûge fan de goede bedoelingen fan de koälysje: "Se sjogge de problemen en nimme it serieus. Dit is in hânrikking en somtiden moatte jo dan sjen nei wat jo al binnenhelje kinne", seit ChristenUnie foaroanman Wiebo de Vries.

"Dit is net genôch"

Foar de oare fiif partijen is it net genôch. Retze van der Honing fan GrienLinks wol it stik net oanpasse. "Der moat wat dien wurde. As jo dit belangryk fine, moatte jo as politikus doare in fisy del te setten. Set dy stip mar, en wurkje dêrnei ta." Dat waard dield troch Hetty Jansen fan de PvdA. "Ze halen de ziel uit ons voorstel en zetten er geen jaartal in waarin ze iets bereikt willen hebben. Dat is niet genoeg voor ons."

"Dit is goed"

Deputearre Sietske Poepjes fynt lykwols dat der dúdlike ferbining socht wurde moat mei alle belutsenen yn it gebiet. "Dy binne nedich foar draachflak. As jo wat berikke wolle, hawwe jo de help en stipe fan elkenien nedich." Poepjes ferliket it mei it binnenheljen fan de titel Kulturele Haadstêd. "Mei-inoar op goed ûnderboude wize. Dat sit goed yn it amendemint", sei de deputearre.

"Skande"

Foar de opposysje is dat net genôch. As dúdlik is dat der gjin mearderheid komt, lûke se it foarstel yn. It wurdt net yn stimming brocht. In skande, sa seit VVD-fraksjefoarsitter Avine Fokkens. "Het was een kans om nu iets vast te leggen naar de toekomst. Die kans laten ze liggen. Dat is gewoon zonde. We hebben een goede handreiking gedaan. Maar wij vinden wel dat de betrokkenen er goed bij betrokken dienen te worden." Neffens Fokkens liket it derop dat der sprake is fan in foaropset plan. "Wij hebben de partijen uitgenodigd voor overleg. Vier van de partijen zijn niet gekomen. Dan wil je dus niets bereiken." Avine Fokkens fynt dat der sa polityk bedreaun wurdt op in ûnderwerp dat foar elkenien fan grut belang is. 

"Want ze hadden kunnen weten dat wij nooit zover zouden gaan. Dan ben je nu aan het campagnevoeren."

Nij debat

It is net dat der no neat bart. It kolleezje fan Deputearre Steaten komt op koarte termyn mei in eigen útstel oer de takomst fan it feangreidegebiet. Dat debat fynt plak yn july. Deputearre Poepjes hat al oanjûn ferskate punten út it útstel fan de opposysje mei te nimmen yn it plan fan deputearre steaten. Poepjes wol it ek trochberekkenje litte.

"Belangryk ûnderwerp by ferkiezingen"

Hetty Janssen seit dat se as opposysje goed sjen sille nei de ynhâld en wer mooglik besykje it oan te passen. Mar se is ek dúdlik: "Dit wordt voor ons een belangrijk onderwerp bij de komende verkiezingen in 2019. Dan willen we dit onderwerp duidelijk op de kaart krijgen. We moeten een visie maken op de toekomst van Fryslân. Zeker op dit onderwerp."

Utkomst

Den Haag sjocht mei nei de útkomsten fan it debat. Dêr wurdt wurdt efter de skermen oan ferskate tafels wurke oan in nij klimaatakkoart. Foar Fryslân sit deputearre Johannes Kramer oan tafel. Ien fan de ûnderwerpen dêr: Hoe om te gean mei it feangreidegebiet. De útkomsten hjir spylje dêr aansten in grutte rol. Want yn Fryslân is de diskusje al fierder as dêr. Boppedat, as de regio sels wat dwaan kin, kostet dat it ryk  minder jild. En dan krije jo de hannen oan datsoarte fan tafels al gau opinoar.

En sa begjint yn maaie 2018 de ferkiezingskampanje foar takom jier. Yn maart mei de kiezer him útsprekke oer de oanpak fan Fryslân. Dêrnei begjint alles wer fan foar ôf oan.

Trefwurden: 
feangreidegebiet
(advertinsje)