Lilke mûzebiter falt fytsers oan by Burdaard

23 maaie 2018 - 20:20

Wa't dizze dagen op 'e fyts in slach omgiet by Burdaard, moat tinke om in lilke mûzebiter. De gemeente Ferwerderadiel warskôget minsken foar de fûgel, dy't it benammen op fytsers foarsjoen hat. Nei alle gedachten hat de mûzebiter in nêst yn 'e buert fan de Stiennendamsterwei en reagearret er dêrom agressyf op foarbygongers.

Neffens de gemeente hat deselde mûzebiter de ôfrûne jierren al faker foar oerlêst soarge by Burdaard. Der wurdt warskôge de fûgel gewurde te litten en der goed om te tinken. De gemeente hat yntusken ek warskôgingsbuorden delset.

Trefwurden: 
mûzebiter
(advertinsje)
(advertinsje)