"Europeeske subsydzje foar regionale ûntwikkeling bliuwt"

23 maaie 2018 - 20:09

Noard-Nederlân kin ek yn de takomst gebrûk meitsje fan Europeeske EFRO-subsydzje foar regionale ûntwikkeling. Dat is de oertsjûging fan Europarlemintariër Lambert van Nistelrooij, de subsydzjesaakkundige fan it CDA yn it Europeesk Parlemint. Fanwegen Brexit en nije Europeeske taken wurdt it Europeeske budzjet foar regionale subsydzjes wol lytser, mar ek yn de nije situaasje binne der kânsen foar Fryslân, Grinslân en Drinte, seit Van Nistelrooij.

"Ferstannich kompromis"

Op de gearkomste Noord in Nieuwspoort warskôgen Fryslân, Grinslân en Drinte tiisdei noch foar in mooglik ferlies fan Europeeske subsydzjes. De ôfwizende hâlding fan Nederlân om mear by te dragen oan Europa soe dêrta liede kinne. Van Nistelrooij tinkt net dat it safier komt. Hy rekkenet derop dat Nederlân in "ferstannich kompromis" slute sil mei Europa en dat de tagong ta Europeeske fûnsen bestean bliuwt.

Subsydzje foar fytspaden ferdwynt mooglik

De kritearia sille nei alle gedachten wol feroarje. Yn 'e takomst is Europeeske subsydzje benammen bedoeld foar ynnovaasje en foar gearwurking mei partners yn oare Europeeske lannen en net foar ynfrastruktuer, lykas it oanlizzen fan nije fytspaden. Woansdei prate de Kommisje Finânsjes fan it Europeesk Parlemint oer it budzjet foar de perioade 2020-2027. Deputearre Sander de Rouwe is tongersdei yn Brussel om him byprate te litten oer de ûntwikkelingen.

Profyt fan stipe oan East-Europa

Van Nistelrooij wiist der fierder op dat Nederlân ek goed profitearret fan de regionale stipe oan de nije lidsteaten yn East-Europa. Om't bedriuwen út benammen Nederlân, Dútslân en Eastenryk folop wurk útfiere yn lannen lykas Roemenië, Hongarije en Slowakije, profitearret ek Nederlân fan it Europeeske koheezjebelied. It giet dan om bedriuwen lykas Philips, mar ek om agraryske bedriuwen. Wittenskiplik ûndersyk nei de effekten fan de Europeeske stipe oan East-Europa hat oantoand dat in net ûnbelangryk diel fan de ekonomyske groei, as gefolch fan it kohesybelied, yn West-Europa bedarret.

Wat is kohezybelied?

It Europeeske koheezjebelied wurdt ek wol 'regiobelied' neamd. It is derop rjochte dat de regionale ferskillen yn Europa lytser wurde. Dat bart troch subsydzjes te jaan oan Europeeske regio's dy't minder goed ûntwikkele binne. It eindoel is it stimulearjen fan ynvestearringen yn dy regio's.

EFRO stiet foar: Europees Fonds voor Regionale Ontwikkeling.

(advertinsje)