Kursus buertbemiddeling, mar noch gjin melding lilke buorlju

24 maaie 2018 - 06:45
  • Boargemaster André van de Nadort oer de buertbemiddeling yn Weststellingwerf

Hawwe jo wolris lijen hân mei de buorlju? En gie dat fierder as jûns let de muzyk krekt wat te lûd of de buorman dy't moarns ier en betiid it gers meant? Ynwenners fan de gemeente Weststellingwerf dy't in konflikt mei de buorlju hawwe en dêr net útkomme, kinne tenei buertbemiddeling oanfreegje. De gemeente is úteinset mei in proef, om te besykjen soksoarte konflikten op te lossen.

Troch in frijwillige bemiddeler yn te skeakeljen wurdt besocht de spanningen tusken buorlju wei te nimmen. De buertbemiddeler soarget der yn ynformele en neutrale setting foar dat konflikten tusken beide partijen oplost wurde troch mei de belutsenen te praten. Hy of sy kriget in kursus konfliktbemiddeling fan Scala Welzijn. 

De earste frijwilligers yn Weststellingwerf hawwe harren al opjûn. De gemeente hat oant no ta noch gjin telefoantsjes hân fan lilke buorlju dy't gebrûk meitsje wolle fan de buertbemiddeling.

Trefwurden: 
buertbemiddeling
(advertinsje)