Plysjeminsken mei hûnen wolle eigen tsjinstauto hâlde

© ANP
Fiif Fryske plysjeminsken dy't mei hûnen wurkje, hawwe woansdei by de rjochtbank yn Grins opnij easke dat sy harren tsjinstauto hâlde meie. De plysjeminsken spanden earder in koart pleit oan. Omdat de saak te yngewikkeld is, is dy trochferwiisd nei de mearfâldige keamer, in sitting mei trije rjochters.
Eigen auto
De Fryske plysjeminsken hawwe in tsjinstauto, omdat sy in tsjinsthûn hawwe dy't sy thús hielendal fersoargje. De Nasjonale Plysje wol dat der minder tsjinstauto's komme. Plysjes mei in hûn moatte tenei de eigen auto brûke om de hûn mei nei it wurk nimmen. Fan it buro ôf kinne sy dan wol mei in plysjeauto nei de oproppen takomme.
Weardefermindering
De advokaat fan de plysjeminsken fierde woansdei oan dat de wearde fan de auto sakket, as der in hûn mei ferfierd wurdt. Foar de hûshalding is it ek net noflik as der altyd hûnen yn de auto meinommen wurde.
Fan de fjouwerhûndert plysjeminsken mei hûnen hat lanlik in grut diel gjin tsjinstauto, mar yn Noard-Nederlân binne earder oare ôfspraken makke. De plysjeminsken hâlde harren tsjinstauto, oant der in útspraak leit. Dy folget binnen seis wiken.