Hynder Deliaan út de sleat rêden by Tsjerkwert

23 maaie 2018 - 17:31

Op de Himdyk by Tsjerkwert is woansdei in hynder út de sleat rêden. Mooglik dat it hynder, dat 17 jier âld is en Deliaan hjit, wat koelte socht fanwege it waarme waar.

De brânwachtlju fan Parregea en Boalsert hawwe it hynder út de sleat helle. Dêrby hawwe se spanbannen en in trekker brûkt. De rêdingsaksje wie de middeis om trije oere. Nei omstannichheden giet it goed mei it hynder.

Trefwurden: 
sleat hynder Tsjerkwert
(advertinsje)
(advertinsje)