Kasjêre docht ferskate kearen greep yn de kassa: wurkstraf

23 maaie 2018 - 17:22

In 22-jierrige kasjêre út in doarpke yn de gemeente Harns hat in wurkstraf fan 60 oeren krigen. Sy soe jild stellen hawwe út de kassa by Albert Heijn yn Harns en by de Hema yn Frjentsjer. Dat barde yn oktober en novimber fan 2016. De bedriuwslieding fan Albert Heijn ûntduts dat der geregeld kasferskillen wiene. Se sette de frou oan in saneamde skjinne kassa. Dêrfan is presys bekend wat de begjinstân is. Ek doe waarden in pear kear kasferskillen ûntdutsen. De frou waard dêrop oansprutsen en letter ûntslein.

Gjin jildproblemen

Begjin ferline jier krige de frou in baan by de Hema yn Frjentsjer. Ek dêr waarden dêr kamen kasferskillen by har foar. Wêrom't de frou it jild stellen hat, bliuwt ûndúdlik. Sy hie gjin jildproblemen. Wol ûntbrekt it har neffens de reklasearring oan in moreel kompas.

Jeugdstrafrjocht

De frou komt folle jeugdiger oer as de 22 jier dy't se âld is. Dêrom hat de reklassearring advisearre om it jeugdstrafrjocht ta te passen. De rjochter is dêr yn meigien. Der moat no ûndersocht wurde wat der krekt mei har is foar it gefal dat se behannele wurdt. De frou komt ûnder tafersjocht fan jeugdreklassearring te stean.

Trefwurden: 
wurkstraf
(advertinsje)
(advertinsje)