Anty-Swarte-Pyt-aktivist yn IepenUP: befeiliging oanwêzich

23 maaie 2018 - 17:12

By de útstjoering fan it programma IepenUP yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert wurde woandeitejûn befeiligers ynset. De plysje set ek ekstra minsken yn. Oanlieding is de komst fan anty-Swarte-Pyt-aktivist Jerry Afryie nei it programma. Hy soe yn novimber mei in groep oare aktivisten yn Dokkum demonstrearje tsjin Swarte Pyt. De bussen mei aksjfierders waarden lykwols by De Jouwer tsjinhâlden troch in groep jongeren.

It tema fan de IepenUP-útstjoering fan de jûn is 'Truth to power'. De gasten prate dêr oer wa't of wat macht oer har hân hat en wat se dêrfan leard hawwe. Foar Jerry Afryie wurdt it de earste kear dat er yn Fryslân is, nei de blokkade-aksje by De Jouwer.

Trefwurden: 
IepenUP Jerry Afryie
(advertinsje)
(advertinsje)