Wurkstraf foar 'folslein sinleas útgeansgeweld'

23 maaie 2018 - 16:57

In mishanneling op nijjiersdei hat in 20-jierrige Ljouwerter in wurkstraf opsmiten fan 50 oeren. De Ljouwerter moast mei in 21-jierrige Burgumer foar de rjochter ferskine. De Burgumer waard frijsprutsen. Neffens de rjochter wie der te min bewiis dat er by de mishanneling op de Alde Kommisjewei by Burgum belutsen wie.

It slachtoffer hie op stap west yn Quatrebras en fytste werom nei Burgum. Doe waard er fan de fyts lutsen troch in groepke jonges. De fertochte út Ljouwert gie boppeop it slachtoffer sitten en stompte him yn it gesicht. De Ljouwerter hat by de plysje ferklearre dat er fierste folle dronken hie. De offisier fan justysje spruts fan 'folslein sinleas útgeansgeweld'.

Trefwurden: 
wurkstraf
(advertinsje)