IepenUP Live: Truth to power

IepenUp hat dizze wike as motto 'Truth to power'. Dappere minsken komme om te fertellen wa of wat macht oer harren hân hat, hokker paad se ôflein hawwe en wat se dêrfan leard hawwe. In bysûndere yntime jûn mei oangripende en ynspirearjende ferhalen. Elkenien is wolkom yn poppoadium Neushoorn om mei te praten. Meisjen kin fansels ek, fan 20.00 oere ôf op de livestream.
Truth to power is in konsept dat earder yn Ingelân en Australië foar folle sealen soarge. Sealen dêr't jo in spjelde fallen hearre koene, dêr't romte wie om te laitsjen en te gûlen of soms alles tagelyk. De Britske betinker en oprjochter Jeremy Goldstein sil fertelle wêr't de ynspiraasje foar it Truth to power-kafee wei komt en hoe t er mei it konsept de hiele wrâld oer reizget.
Diskusje, optredens, lêzingen, fideos en muzyk; yn de wyklikse talkshow IepenUP yn poppoadium Neushoorn kin alles. Alle woansdeis stean yn it programma de aktualiteiten yn de wrâld sintraal; hoe libje wy mei ús allen, watfoar subgroepen meitsje dêr diel fan út en hoe soargje wy derfoar dat wy inoar faker moetsje en better begripe? Dat binne saken dy't oan bar komme yn IepenUP.
Elkenien kin oanwaaien komme en meidwaan oan de diskusjes yn kafee De Backstage yn poppoadium Neushoorn. It programma set alle woansdeis om 20.00 oere útein en is ek te folgjen fia Omropfryslan.nl en de Facebookside fan Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer IepenUP is te finen op harren Facebookside. IepenUP is in inisjatyf fan Omrop Fryslân, Tresoar en Neushoorn Café en LF2018.