Tariedings Liet XXL International yn folle gong

De repetysjes foar Liet International yn Neushoorn yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Willem de Vries
Yn Neushoorn yn Ljouwert wurdt alles klear makke foar Liet International. De tolfde edysje fan it festival is woansdeitejûn yn de grutte seal fan it poppoadium.
Liet International XXL is dit jier opnaam yn it programma fan Kulturele Haadstêd LF2018. Der stean dit jier mar leafst fjirtjin acts op it programma. Dat is sa'n fiif mear as gewoanwei. It sjongfestival foar regionale en minderheidstalen is in Frysk inisjatyf en waard foar it earst organisearre yn 2002, yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa en sûnt 2008 bart dit ûnder it beskermhearskip fan de Ried fan Europa.
De folsleine list fan Liet International 2018 XXL en de taal dêr't se yn sjonge:
- Afro-Carib Ensemble (Sranan Tongo, Surinaamsk)
- Billy Fumey (Frankoprovensaalsk)
- Evgenia Udalova (Komi)
- Familia Caamagno (Galisysk)
- Gerda Stevenson & Kyrre Slind (Skotsk)
- Inger Karoline Gaup & band (Samysk)
- Jenne Decleir (Antwerpsk)
- Luko Reinders (Frysk)
- Nastasia Zürcher (Galisysk)
- Pira (Aromaansk)
- Stonecrobs (Frysk)
- The Rowan Tree (Kornysk)
- Whyte (Skotsk-Gaelysk)
- Zaman (Basjkyrsk)
Guon dielnimmers spylje ek op oare plakken, lykas yn talepaviljoen MeM yn de Prinsetún, by NHL Stenden Hogeschool en yn de stedsbussen fan Arriva.