'Gau nije wethâlder fine'

22 jun 2012 - 12:33

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân ropt de polityk op om sa gau mooglik mei in opfolger te kommen foar de opstapte PvdA-wethâlder Schaafstal. Hy stapte op omdat it CDA gjin fertrouwen mear hie yn de wize wêrop't er omgie mei de portefeuille sosjale saken. Earder waard al bekend dat der op 1 augustus in ferfanger komt foar CDA wethâlder Visser.

Boargemaster Bilker leaut net dat de bestjoerberens yn gefaar komt, mar in flotte oplossing soe wol hiel moai wêze. Hy moat der net oan tinke dat de gemeente dizze simmer mei mar ien wethâlder sit.

(advertinsje)
(advertinsje)