Arends oer Roland Garros: "Een rondje winnen zou mooi zijn"

"Vorig jaar verloor ik in de eerste ronde op Wimbledon. Als ik een rondje kan winnen, dan zou dat heel mooi zijn." Dat seit tennisser Sander Arends út Ljouwert oer it meidwaan oan Roland Garros. Hy is de earste Fries dy't meidwaan sil oan it haadtoernoai fan it wrâldferneamde tennistoernoai yn Frankryk.
Arends is aktyf yn it dûbeldspul en sil tegearre mei syn Kanadeeske tennispartner Adil Shamasdin nei Parys ôfreizgje. Tiisdei wiene sy noch aktyf op in tennistoernoai yn Switserlân. Neidat Arends yn de nacht fan tiisdei in pear oerkes yn Ljouwert thús wie, is hy tusken de middei wer ôfset nei Den Haag foar de tariedingen op Roland Garros.