De Friesland ferhuzet nei Achmea-gebou yn Ljouwert

Soarchfersekerder De Friesland ferhuzet simmer takom jier nei it gebou fan Achmea oan de Sophialeane yn Ljouwert. It is it gefolch fan de fúzje tusken de twa fersekerders. De ferhuzing is de ôfrûne tiid ûndersocht en blykt helber. Wol moat it gebou fan Achmea noch ferboud wurde en dat wurdt fan juny ôf dien.
Dy ferbouwing is ek nedich, omdat Achmea syn kantoar yn Swolle slút. Hast 350 minsken dy't dêr no wurkje, ferhúzje nei Ljouwert. Wat der mei it besteande gebou fan De Friesland oan de Harnzertrekwei bart, is net bekend. De ûndernimmingsried moat noch wol ynstimme mei de ferhuzing.