Partijen prate oer behâld feangreidegebiet

23 maaie 2018 - 13:54

Yn Provinsjale Steaten wurdt woansdei praat oer it útstel fan seis opposysjepartijen oer de oanpak fan it feangreidegebiet yn Fryslân. Dy wolle dat der gau wurk makke wurdt fan it behâld fan it feangreidegebiet en it werombringen fan de biodiversiteit. Dat betsjut dat it wetterpeil omheech moat. De útstjit fan CO2 wurdt dan folle minder en dat is wer goed foar it miljeu.

De seis fraksjes ha ûnderlizzende tsjinstellingen fuort helle om mei dit útstel te kommen. Dochs hat de koälysje al oanjûn dat it útstel, sa't it der no foarleit, it net helje sil. Se misse draachflak ûnder de bewenners yn it gebiet, wêrûnder boeren dy't harren bedriuwsfiering oanpasse moatte. Boppedat stiet yn it útstel net wat de kosten binne.

(advertinsje)