Militêre held Schelte van Aysma werom yn tsjerke Skettens

23 maaie 2018 - 12:07

Schelte van Aysma wurdt woansdei, hast 400 jier nei syn dea, byset yn de tsjerke fan Skettens. It grêf fan de Fryske militêr yn it Staatse Leger út de 17de iuw waard oardel jier lyn by tafal ûntdutsen by renovaasjewurk oan de tsjerke. De grêfkelder wêryn't Van Aysma en syn frou leine is yn 1865 ynstoart.

De Fryske held út de Tachtichjierrige Oarloch sil woansdeitemiddei mei militêre eare yn it restaurearre grêf brocht wurde. Syn eigen Johan Willem Friso rezjimint sil de begraffenis begeliede. It stoflik omskot leit yn in kopy fan de orizjinele kiste. Definsje hat it oer in unyk barren, mei om't it om in kolonel út de Gouden Iuw giet. Van Aysma is om 1578 hinne berne yn Bitgum en makke as militêr karriêre yn de striid tsjin de Spanjerts. Hy sneuvele yn 1637 by it Beleg van Breda.

Helm

In bysûnder ferhaal is de helm fan Van Aysma. Dy hat generaasjes lang yn de tsjerke hongen, sûnder dat ien yn de gaten hie dat it om in unyk eksimplaar gie. Pas yn 2015 kaam konservator Jeroen Punt fan it Nasjonaal Militêr Museum derachter dat it de orizjinele helm wie. De helm is oerdroegen oan it museum en jildt no as topstik.

Troch dizze fynst gie histoarikus André Buwalda yn Skettens op syk nei mear ynformaasje en ûntduts de grêfstien yn de tsjerke.

(advertinsje)