PvdA'er Balgobind út Provinsjale Steaten fanwege sykte

23 maaie 2018 - 11:29

Provinsjale Steaten ha woansdeitemoarn ôfskied naam fan PvdA'er Harry Balgobind. Dy kin fanwege syn sûnens it steatelidmaatskip net langer trochsette. De Drachtster kaam ferline jier yn Provinsjale Steaten, doe't der by de fraksje in tuskentiidske fakatuere wie. Dêrfoar wie Balgobind al aktyf as kommisjelid foar de Steaten.

Riek van der Vlugt fan De Lemmer is woansdeitemoarn beëdige as syn opfolger.

(advertinsje)