Wer tsjûge-oprop mishannelings

22 jun 2012 - 12:07

De plysje hat noch hieltyd gjin fertochten oanhâlden foar mishannelings fan hûneigeners yn trije parken yn Dokkum. Op de website dadergezocht.nl is opnij in tsjûge-oprop set mei dêrop de sinjaleminten fan seis fertochten. Op 12 maaie waard yn it Tolhúspark in man mishannele troch trije manlju. Hy waard mei in skerp ding yn syn gesicht stutsen.

In 21-jierrige hûnebesitter waard op 24 maaie yn in park by de Van Kleffensstrjitte alve kear yn 'e skonk stutsen. In dei letter waard in man mishannele by it Bonifatiuspark.

(advertinsje)