Direkteur Wagenborg stiet iepen foar oerlis oer feartsjinst

Neffens direkteur Ger van Langen fan Wagenborg stiet it elkenien frij om yn 2028 mei te dwaan oan de konsesje. Van Langen reagearret dêrmei op de plannen fan fiif Amelanner ûndernimmers dy't yn 2028 meidwaan wolle oan de konsesje foar de feartsjinst. De groep hat de stichting Amelander Veerdienst oprjochte en wol mei in eigen feartsjinst oan de konsesje meidwaan.
Van Langen seit dat it om de konsesje Waddenveren Oost giet, dus om de feartsjinsten nei It Amelân en Skiermûntseach. Neffens Van Langen sil ek de stichting Ameland Veerdienst net in soad dwaan kinne oan it belangrykste knyppunt, de tichtslike fargeul. ''Iedereen heeft water onder de boot nodig om te kunnen varen.''
Minsken fan de stichting ha him belle mei wat harren bedoeling is. Neffens Van Langen stiet hy altyd iepen foar oerlis mei de Amelanners.