Brede skoalle fan Waadjild

22 jun 2012 - 12:01

De nije brede skoalle Skylge wurdt foar in part betelle mei jild fan it gebietsplatfoarm Plattelânsprojekten Waadeilannen. Der wurdt goed 140.000 euro beskikber steld. De gemeente betellet sels 560.000 euro.

De brede skoalle komt yn West. Dêr komme twa basisskoallen, de berne-opfang en de stifting Jeugdwerk yn. De skoalle wurdt mei duorsume techniken boud en krijt ek sinnepanielen. It gebou moat ein takom jier klear wêze.

Trefwurden: 
Skylge brede skoalle
(advertinsje)