Eksamenpraat #7: Hoe giet it oant no ta?

Foar de rubryk Eksamenpraat is Omrop Fryslân ûnderweis troch de provinsje en gie del by it Marne College yn Bolseart. De learlingen fan it fuortset ûnderwiis dogge eineksamen. Op woansdei is it eksamen ekonomy. Guon learlingen meitsje de eksamens berekkenjend en witte presys watfoar sifers sy helje moatte om te slagjen. Om derefter te kommen hoe't de learlingen derfoar stean, stelde Omrop Fryslân de fraach: Hoe giet it oant no ta?