Frou wol kat út beam rêde, mar brânwacht moat ek har befrije

© De Vries Media
De brânwacht hat tiisdeitejûn oan de Brongersmawei by Kollumerpomp in frou en in kat út in beam rêden. De kat wie de beam yn flein om't in hûn efter it bist oan siet. De kat doarde de beam net út, wêrnei't de frou yn de beam klom om de kat te rêden. Mar dêrnei doarde ek de frou net mear út de beam te kommen. De brânwacht hat beiden út de beam helle.