Europeesk kongres regionale omroppen dit jier yn Ljouwert

23 maaie 2018 - 18:30

Ljouwert is tongersdei en freed it toaniel fan it 36e jierlikse Circomkongres. Circom is de Europeeske organisaasje fan regionale publike omroppen. Omrop Fryslân is dit jier gasthear en it tema is "Are We Connected?".

Faasje, tekst en muzyk

Op tongersdei en freed is it kongres yn stedsskouboarch De Harmonie, mar al de hiele wike binne sjoernalisten út 33 Europeeske lannen yn Ljouwert. Woansdeitejûn kinne se nei Liet International en IepenUp. Earder yn de wike folgen se workshops en trainingen by Omrop Fryslân. Ien fan de minsken dy't workshops jout, is Omropsjoernalist en mojo-ekspert Wytse Vellinga. "Telefyzje is in platfoarm dat hieltyd minder minsken berikt", seit er. "Foar regionale omroppen is it dêrom wichtiger om ek online ferhalen te fertellen. Dat freget om in oare oanpak. Wy leare de folgers fan de trainingen hoe't se dat dwaan moatte. Mei mear faasje, tekst, muzyk en mear each foar foarm."

Mojo

Vellinga is ek ien fan de sprekkers op de konferinsje. Mei Björn Stasschen fan it Dútske NDR/ARD sil er minsken byprate oer mobile sjoernalistyk en de nijste apparatuer op dat mêd. Oare lêzingen gean ûnder oare oer trolls, nepnijs, Instagram foar dummies, de feroarjende rol fan media-organisaasjes. Tuskentroch is der oandacht foar de ferskate winners fan de Prix Circom 2018. De prizen dêrfan wurde tongersdeitejûn útrikt.

Omrop gasthear

Dat Circom yn it LF2018-jier nei Ljouwert komt, is gjin tafal. Omrop Fryslân-haadredakteur Klaas Geert Bakker, dy't it kongres mei Circom-direkteur Tone Kunst iepenje sil, hat Omrop Fryslân al yn 2014 opjûn om gasthear te wurden. "We woenen graach Circom dit jier organisearje, sadat it gearfalt mei LF2018. Sa lûkst wat ekstra oandacht nei dy ta. De Europeeske sjoernalisten komme no yn de kunde mei Ljouwert, Fryslân en de Fryske kultuer.

Trefwurden: 
Circom kongres Wytse Vellinga
(advertinsje)
(advertinsje)