Berndsen sakke op D66-list

22 jun 2012 - 11:55

D66-Keamerlid Magda Berndsen fan Burdaard stiet op it njoggende plak op de kandidatelist fan har partij foar de Twadde-Keamerferkiezings. Twa jier ferlyn stie se as nijkommer noch op trije. Se seit net teloarsteld te wêzen mei it legere plak. Berndsen wie oant har Keamerlidmaatskip korpssjef fan de Plysje Fryslân. Fanwege dy achtergrûn waard se doe frege om lid fan de Twadde Keamer te wurden.

Op it earste plak fan de D66-list stiet Alexander Pechtold. Op nûmer twa en trije de sittende Keamerleden Stientje van Veldhoven en Wouter Koolmees.

D66 stiet yn de peilings al in skoft om de fyftjin sitten hinne.

(advertinsje)
(advertinsje)