Nij plan: Van der Valk-hotel by Sportstêd It Hearrenfean

22 maaie 2018 - 22:26

De krityk op in twadde plan foar in Van der Valk-hotel op It Hearrenfean bleau tiisdeitejûn by de presintaasje fan de plannen út. Hiel oars as by de presintaasje fan it earste plan yn jannewaris. Mar oft der in Van der Valk-hotel komt op It Hearrenfean en hokker it dan wurdt, is foarearst noch net te sizzen. Dat is de konklúzje nei de presintaasje fan it twadde plan troch sakeman Henk Matser.

It hotel fan Matser moat komme njonken Sportstêd It Hearrenfean, op it plak dêr't earder de Aldi stie. It earste plan fan Paul van der Valk is situearre by de ôfslach Oranjewâld Skoatterwâld oan de oare kant fan de A32. De slach om de bou fan de beide hotels is opmerklik, omdat sawol Matser as Van der Valk út it Van der Valk-concern komme.

It tiisdeitejûn presintearre plan giet út fan in lytser en leger hotel as dat by de ôfslach Oranjewâld. Ek sitte der minder fasiliteiten yn. Der komme 95 keamers, 35 minder as it earste plan. Der komme gjin gearkomstesealen en it restaurant is folle lytser.

De ûntfangst fan de plannen yn de seal wie oer it algemien posityf. Mar oft it plan ek echt útfierd wurdt, is noch ûndúdlik. De gemeenteried moat de kommende moannen in beslút nimme.

(advertinsje)