Grutte Pier-bier en oare start-ups op presintaasje Den Haag

22 maaie 2018 - 21:59

Op de manifestaasje Noord yn Nieuwspoort fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte en wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW waarden tiisdei ferskate jonge lytse bedriuwkes yn it sintsje set. Saneamde 'start-ups' soargje faak foar de measte fernijing en de grutste groei fan wurkgelegenheid. Ien fan dy bedriuwkes is bierbrouwerij Grutte Pier út Ljouwert. Dy brûkte de gelegenheid om it nije reinwetterbier Fryske Boezem foar it fuotljocht te bringen. De jonge brouwerij kriget de fuotten aardich ûnder it gat en sil meikoarten ek begjinne mei it eksportearjen fan Frysk bier nei 'biermekka' België.

Undernimmer Renze Bil fan bierbrouwerij Grutte Pier is bliid dat syn bier hieltyd better fûn wurdt troch Friezen en oare bierleafhawwers. "En nu Fryslân ook nog eens genoemd wordt in de top 3 van de Lonely Planet, kunnen we hopelijk veel nieuwe mensen in contact brengen met ons bier."

(advertinsje)