Swimbad Menaam op 7 july iepen

22 jun 2012 - 11:39

Swimbad Schatzenburg yn Menaam giet op sneon 7 july wer iepen foar publyk. Dat meldt de gemeente Menameradiel. De eigeners fan it bad hawwe harren der de ôfrûne wiken foar ynset om alles klear te krijen.

It bad hie allang iepen wêze moatten, mar troch in skeel tusken de eardere behearder Van Booma en de gemeente gie dat net troch. Menameradiel hat doe de rjochter ynskeakele. Dy hat ferline wike bepaald dat Van Booma it swimbad net mear beheare mei.

Omdat it bad twa moanne letter iepengiet as foargeande jierren, binne abonneminten goedkeaper wurden.

Trefwurden: 
Menaam Schatzenburg
(advertinsje)
(advertinsje)