Amelanners hawwe plannen foar eigen feartsjinst

In groep fan fiif Amelanner ûndernimmers ûndersiket wat nedich is om fan 2029 ôf de konsesje yn hannen te krijen foar de feartsjinst tusken Holwert en It Amelân. Rederij Wagenborg hat dy gunning no. De groep hat de stichting Amelander Veerdienst oprjochte.
Al jierren hat it eilân te krijen mei in farrûte dy't tichtsliket. Ek wurdt der al jierren praat hoe't de berikberens garandearre wurde kin. De te realisearjen feartsjinst op It Amelân is ynspirearre op Teso, de feartsjinst tusken De Helder en Teksel.
Gjin winst
De stichting hat net as doel winst te meitsjen, mar wol betelbere tariven te hantearjen foar de oertocht. Belangryk punt foar de nije feartsjinst is ek dat it eilanner belang foarop stiet. Benammen eilânbewenners moatte profitearje fan nije wurkgelegenheid. Fierder moat de tsjinstregeling net ôfhinklik wêze fan eb en floed.