Tennisser Sander Arends leit út it ATP-toernoai yn Genève

Sander Arends (hjir op argyfbyld) © Orange Pictures
De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat tiisdei ferlern yn de earste ronde fan it ATP-toernoai fan it Switserske Genève. De Kroaat Ivan Dodig en de Amerikaan Rajeev Ram wiene mei 6-3 en 7-6 te sterk foar de Ljouwerter en syn Kanadeeske maat Adil Shamasdin.
"Wij speelden goed, maar zij waren beter. Dan is zo'n nederlaag makkelijk te accepteren", sei Arends nei de wedstriid. Takom wike makket Arends syn debút op Roland Garros, ien fan de fjouwer grutste toernoaien fan de wrâld.